Doede Veeman De Begraffenis Fan Omke Wopke Lyrics

Jan Bokje brocht my justermoarn de groetenis fan ús omke Wopke, want dy wie stoarn
ik waard ek noege om mei op begraffenis, dęrom luts ik hjoed de p___k mar oan
doe't ik by 't stjerhűs kaam wie 't krekt of't brulloft wie
ik ha nea witten dat ús omke Wopke sa'n famylje hie
ús muoike Tryn dy song in psalm wylst omke Sjoerd hast fersűpte yn syn grutte hege hoed
'hoe is it krij w' ek hast in slokje' raasde lytse reade Kei
want as ik net in slokje krij, no dan ferdom ik it om mei
en de froulju gűlden allegear:'och hea, ús lytse leave omke Wopke samar dea!'
"hy wie yn't lęstoan', sei Marij,'frijwat yn 'e skiterij, mar no is dy âlde stumper samar wei'

ear't de kiste tichtgong mochten wy ús omke Wop allegearre nochris ien kear sjen
'wat leit er dęr no ręstich',sei ús muoike Tryn,'sa űnskuldich, krekt as wie't in bern
as hie er hiel syn libben nimmen kwea noch dien,
mar grutter sűplap, grutter smearlap, minsken, hat der nea bestien!'
doe raasde Jelle' Sjouk:'dat is net wier' en raamd' ús muoike Tryn fuortdaliks yn it hier
Jelle skopte en omke Sjoerd dy holp doe ek in hantsje mei
en doe wie't ynienen samar in hiele fjochtpartij
'minsken, help, hy docht my dea',rôp omke Sjoerd, en hy plofte op syn grutte hege hoed
dy wie doe as in skol sa plat, űnder omke syn grou gat en de stumper seach al siet er op 'e pot!

doe't hy oerein kaam soe't al wer fan foarwei oan, omke sei:'ik stek him dea', want hy wie poer
mar Gatse Sipel dy stie gau mei de flesse klear, sei:'omke priuw ris' ,en doe wie de rűzje oer
omke sei:'myn hoed is plat, mar oars is't goed beslein'
en doe tôgen wy meiďnoar ús Wopke op 'e boerewein
en doe gongen wy op stap, foarop rűn Sjoerd, op syn kop dy grutte, platte, hege hoed
en wy hiene der daliks west, hie der mar net in herberch stien
want doe't Sjoerd dat seach rôp er:'ho, wy keapje der earst noch ien'
'ja, dat liket my goed ta', sei reade Kei, 'mar dan moast ús Wopke ek noch ien kear mei!'
no, wy wiene gau beret, omke waard fan de wein ôf set, en dy skoden wy doe űnder it biljert

Jan en Gatse Sipel stompten in partij en der waard fuortdalik ek aardich preaun
en hie ús omke Sjoerd op't lęst net wizer west, no dan wiene wy der noch wol oeren bleaun
mar omke sei:'wy moat wer fuort, ús Wop moat yn 'e grűn
wy moat wer fierderop, kastlein, gean noch ien kear rűn'
en wy gongen wer op stap, foarop rűn Sjoerd, en dy stapte no al aardich oer de foet
hielendal achter yn de rigele dęr song lytse reade Kei:
'ja, lang sal omke Wopke leve, hij leve frij en blij'
Jan en Gatse sliepten ręstich op 'e wein en ús reis dy rűn al aardich op syn ein
doe ynienen sei lange Gjet:'ik betink't my wol wat let, mar ús omke stiet noch űnder dat biljert!'

ferheard stie doe ynienen de hiele rigele stil, omke sei:'ja, dęr helpt gjin bliksum oan
wy moat werom, want omke Wopke moat ek mei, dus begjinne wy mar wer fan foarwei oan
want as de baas fan't spul der sels net iens by is,
no, dan fyn ik foar gjin donder oan sa'n hiele begraffenis'
dus wy gongen wer werom nei de kastlein en wy smieten omke Wopke op 'e wein
foardat wy giene moasten wy de man noch in pear slokjes ha
en doe giene wy tige fleurich werom nei't tsjerkhôf ta
doe't wy dęr wiene moasten wy earst in slach yn't rűn, en doe stoppen wy omke Wopke yn 'e grűn
lange Gjet sei, nei't ik mien:'no is de foarstelling wol die, en no keapje wy werom ek noch mar ien'

See also:

94
94.122
U2 Miss Sarajevo [Single Version] Lyrics
Sugababes - Hole In The Head (New single) Sugarbabes - Hole In The Head Lyrics