GeDoBr As ik myn eagen efkes slút Lyrics
Ik bin werom nei al dy jierren,
Op ús plakje by de feart.
Ik lis wer langút yn de reiden,
Ha hjir fan dy de leafde leart.
Do wiest sa moai, wiest omtrint achttjin,
Ik wat jonger, wist noch fan neat.
Ha by dy myn jongesjierren,
Foar altyd de rêch takeard.
As ik myn eagen efkes slút,
Dan fiel ik noch die earste tút,
Ik fiel dyn fingers op myn fel.
As ik myn eagen slút,
Dan sjoch ik wer dyn leave snút,
En jou my yn myn tinzen del.
Ik bin werom nei al dy jierren,
Op ús plakje by de mar.
Skeatst op my dyn leafdespylken,
Ik rekke súver yn de war.
It wie fuort raak, rjocht yn myn hert,
Ik moast tajaan, ik hie gjin kar.
Liest my priuwe fan dyn lichem,
Seidest hiel sêft: "toe kom mar".
Refrein.
Ik bin werom nei al dy jierren,
Op it plakje fan lang lien.
It fielt sa goed as wie it juster,
Waarmte fan de simmerwyn,
Dûnsjend oer ús bleate lichems,
Mei de geur fan de jasmyn.
Wie it krekt as yn in mearke,
En dat ik dy op nij wer fyn.
As ik myn eagen efkes slút,
...
As ik myn eagen efkes slút,
See also:
JustSomeLyrics
119
119.33
The Ian Carey Project Love Won't Wait (Original Mix) Lyrics
ТонкаяКраснаяНить Осколки Lyrics