GeDoBr Stille Leafde Lyrics

Yn myn dream ha ik besite han, fannacht wie se by my.
Mar fan e moarn is se wer fuort, ik sit allinne oan de brij.
Sy flocht my troch de holle, ik reitsje har net kwyt.
Doar der mei nimmen oer te praten, bin sa sljocht op juffrou Gryt.

Sjoch ik har rinnen yn it doarp, dan slacht myn hert fuort oer.
Alle bloed streamt nei myn holle, ja hy wurdt sa read as fjoer.
Sy jout my dan in knikje, mar ik stean dêr as granyt.
Doar der my nimmen oer te praten, bin sa sljocht op juffrou Gryt.

Refrein.
Ik haw in stille leafde en dat wit allinnich ik
Ik wol alles mei har diele, mar ik wit net hoe 'k dat flik.
Ik haw in stille leafde, sit foar ivich yn myn hert.
Wol't har graach fertelle, mar dat doar ik dan wer net.

Sy set myn libben op de kop, gjin dei is mear gewoan.
Ik kin har mar net ferjitte, man hoe moat ik hjir mei oan.
Want fan alle froulju, is sy myn favoryt.
Doar der my nimmen oer te praten, bin sa sljocht op juffrou Gryt.

Mar dizze leafd' is net te gripen, want Gryt is te âld foar my..
Sy is sawat sân en fjirtich, ik krekt alve en in dei.
Dan tink ik dy pear jierren, dat hindert dochs neat skyt.
Doar der mei nimmen oer te praten, bin sa sljocht op juffrou Gryt.

Refrein.
Ik haw in stille leafde en dat wit allinnich ik
Ik wol alles mei har diele, mar ik wit net hoe 'k dat flik.
Ik haw in stille leafde, sit foar ivich yn myn hert.
Wol 't har graach fertelle, mar dat doar ik dan wer net.
Grytsje bliuw no ienris stean en praat in wurd tsjin my.
Dan sil ik dy fertelle hoefol' ik fiel foar dy.

See also:

125
125.3
Red Hot Chili Peppers Knock Me Down (Long Version) Lyrics
she dont want the world Lyrics