GeDoBr Aagje Lyrics

Aagje in jongfaam fan goed tweintich jier.
Sette harsels eltse sneon yn de ferhier.
Yn it âlde doarpskafe fan reade Kei
Sei se tsjin eltse fint, wolst efkes mei my mei.
Alle kearels út de buert wiene alhiel optein.
Want hjir waar net eltse kear tsjin harren sein.
It wurdt hjoed neat ik ha pine yn de holle.
Freegje nije wike mar wer, 't is no tefolle.

Jongfeinten mei itselde hier om 't kin as om de sek.
Stienen bûten it kafé mei it skûm dik om de bek.
En wachten allegear op dy iene fraach fan Aagje.
Hé bûkemantsje kom do mar efkes mei efter it haagje.
Aagje draaide dér wat my har graue skiter.
Foar it gesicht fan Jehannes, Kees as Piter.
Se skuorde dan har boarsten samar bleat.
En gniisde dan om dy mantsjes, de kopkes fjoerread.

De froulju út de buert sprutsen der skande fan.
It liket hjir Sodom en Gomorra wol man.
Mar reade Kei sei, minsken doch net sa hypokryt.
Hâld jim de kop, oars bin ik myn omsét kwyt.
Wat Aagje docht is goed foar ús maatskippij.
Sa bliuwe dizze jonges teminsten by jim dochters wei.
En as jimme dit dan sa graach feroarje wolle.
Ha dan sels earst mar ris wat minder pine yn de holle.

Miskien bliuwe jim eigen kearels dan wat faker thús.
En sitte net eltse sneontejûn by Aagje op it krús.
Mar no moat ik fierder, it kafé sit al wer fol.
Ik tink dat Aagje miskien wat te drinken ha wol.
Foar reade Kei kaam it ein oan de wille al gau.
Opiens hie Aagje har eigen túntsje yn de bou.
Se rekke swanger en waar al frij gau dik.
Mar wa is de Heit, gjin man joech in kik.

Klaas sei, 't is Willem, Kees sei, 't is Jan.
Nee, net ien woe it wêze, net ien wist derfan.
Wy wachtsje earst of, oant it popke der is.
Dan kin wy wol sjen wa at de Heit is.
Njoggen moanne letter kaam in jonkje derút.
En alle mannen seagen hiel bot nei syn snút.
Op wa soe hy lykje, fan wa hat hy wat.
Mar it jonkje kaam se allegear wat frjemd oer it mat.

Syn noas hy der fan Willem, de earen fan Pier.
De hântsjes fan Piter en fan Kei it reade hier.
Hy hie Sije syn eagen, staalblau en wat lyts.
Dat kin net sei Sije en skeat fuort op syn fyts.
Mar jan Jehannes hie der net, de lytse man.
Want hy frijde feilich, hie in slúfke om syn Jan.
It measte hie it popke fan âlde grize Klaas.
Hy wie op syn jierren al dy jongfeinten de baas.

Klaas sei, ik bin de Heit da's sa wis as de bank.
Want ik ha sied dat is folle sterker dan drank.
Aagje ik sil mei dy trouwe, sei Klaas doe wat slûch.
Mar ik sis dy, komst nea wer by Kei yn de kroech.

See also:

125
125.4
Mary Chapin Carpenter He Thinks He'll Keep Her (Album Version) Lyrics
Murat Kekilli Karagozlum Lyrics