De Kast In Nije Dei Lyrics

De nacht is foarby
de sinne is frij
omheech te gean
Aanst wurdt it dei
de moarn is te nij
om stil te stean

It libben wie wrang
it wachtsjen te lang
Mar 't nimt in kear
Wes mar net bang
nea wer bang
it hoecht net mear

Der sil gjin dei begjinne, dat ik net by dy bin
Gjin oerwurk foar ús rine, sûnder sin.

REFREIN:
Jou my dyn han, jou my dyn hert
Asto it doarst mei my
Hjir is myn han
hjir is myn hert
'k Jou myn bestean oan dy
Lang wie it kâld en tsjuster
aanst komt de dei
Fynt it ljocht syn wei
yn in nije dei

'k Kaam net út e rie
it paed dat ik gie
it wie sûnder ein
De tiid dy't der wie
it hert dat ik hie
it wie fersein
'k Ha my oan dy jûn
mysels yn dy fûn
'k gebjin op 'e nij
Leafde hat wûn
twa minsken bûn
mar fugelfrij

Der sil gjin dei begjinne, dat ik net by dy bin
Gjin oerwurk foar ús rinne, sûnder sin.

REFREIN:
Jou my dyn han, jou my dyn hert
Asto it doarst mei my
Hjir is myn han
hjir is myn hert
'k Jou myn bestean oan dy
Lang wie it kald en tsjuster
aanst komt de dei
Fynt it ljocht syn wei
yn in nije dei

Lang wie it kald en tsjuster, aanst komt de dei
Fynt it ljocht syn wei, yn in nije dei

See also:

13
13.100
Secret Sphere Leonardo Da Vinci Lyrics
Ryan Adams Cold Roses Lyrics