Simmer 2000 Hert Fan Myn Gefoel Lyrics

De kontoeren yn it lan bin feroare troch de tiid
It is dizich oer it fjild en ik wit mysels gjin ried
Yn it doalhof fan emoasjes giet de tiid oan my foarby
Ik rin oer d'âlde paeden wer 't ik eartiids run mei dy

De hynders yn it fjild, de moune op 'e dyk
Se binne der net mear, it is net mear gelyk
Ik sjoch wer alde bylden mar noosto der net mear bist
Is der in grutte leechte, ik fiel in grut gemis

It liket krekt dat 'k dy wer heare kin
It liket krekt dat 'k yn 't ferline bin

refrein:
Yn it hert fan myn gefoel sil ik dy nea ferjitte
Yn it hert fan myn gefoel bisto by my
Ik tink werom en ik woe dat ik wer mei dy laitsje koe
Fanôf de earste dei

De wurden u't dyn brief stean yn myn holle skreaun
Ik doarmje troch de jierren neat haw ik ferdreaun
't Is as de wyn my wjukken jout, my oan dy tinken docht
Dan sjoch ik nei de loft, tusken de wolken wurdt it ljocht

It liket krekt dat 'k dy wer heare kin
It liket krekt dat 'k yn 't ferline bin

refrein

Soe ik myn fertriet nei de himel roppe wolle
Om dy werom te krijen is neat my tefolle

refrein

See also:

47
47.106
Maximo Park Im Gonna Be (500 Miles) Lyrics
Luciano Pavorotti Italian Love Songs 1 Luciano Pavarotti, O Sole Mio Lyrics